selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

De MarBoei is in boei fan keunststof mei boppe-op in grut each. Troch it each stekke jo in lânfêst. Jo jouwe de lânfêst bod en lizze de lânfêst op in kikker.

Moaiste plakken

Op it Fryske wetter

In soad wichtiger dan de nautische gemakken is de waarde van de belibbing. Marrekrite stiet foar om lûken op it Fryske wetter en lân. De MarBoei slút dêr hielendal op oan. Do leist by Marrekrite op de moaiste plakjes, ek efter in MarBoei.

Maklik

Oanlizze en fuortfarre

It oanmarren is stikken makliker as it oanlizzen oan in steiger. Jo hoege mar ien tou fêst te meitsjen. De wyn hâld it skip automatysk by de boei wei. Om’t de boei fan sêft keunststof makke is, is it gjin punt dat de boait de boei by it oanmarren efkes oantikt. In handige skipper leit by need allinnich oan, en dat binnen in minút. It fuortfarren is likernôch noch makliker. Foar in protte minsken is fuortfarre, lykas oanmarre, in momint fan stress. Efter in MarBoei hoege jo dêr net oer yn te sitten.

Feilich

Ofmarre mei in rêstich hert

Achter ien boei kinne grutte en lytse skippen ôfmarre. Om in foarbyld te neamen; in grut sjarterskip kin mei wynkrêft 12 noch fêst en wis lizze! Jo kinne dus mei in rêstich hert ôfmarre oan in boei.

Protte privacy

Oan eltse boei leit ien skip, dêrom hawwe jo in protte privacy. Dêr’t de boeien yn groepkes byinoar lizze, lizze jo noch altyd allinnich en dochs in bytsje tegearre.

Poëtyske ankerplakken

Op it Fryske wetter

Dichteres Ellen Deckwitz makke foar it earst yn har libben in boattocht, Elmar Kuiper sjocht nei it ferline op de Swarte Brekken, Maarten Inghels ruilet foar ien de de Antwerpse binnenstêd yn foar de Alde Feanen en Jaap Krol gie frijwat op en del op ’e Sleattemer Mar. Yn ’e oanrin nei 2018 folgje ferskine der hieltyd mear gedichten yn de gebieten dêr’t in MarBoei leit.

Regels

Foar de MarBoeien

• Maksimaal 24 oeren oanlizze
• Ien skip per boei
• Sa’n twa of trije meter efter in MarBoei ôfmarre
• Belis de lânfêst op de kikker/bolder op it skip
• By it ôfmarren oan in MarBoei jilde de algemiene ankerregels

 

 

Fêst en frij
op de
moaiste
plakken