selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

Jacobus Q. Smink

Snitser Mar

 

de snitser mar oer


we giene nei de mar ta mar
we seine wy geane nei see
dat wie de suder earder
dy’t it wetter út de isel kriget
en ek wat fan it waad

no wibelet ús lytse boatsje
de snitser oer op de potten ta
dy’t ús hertlik begroetsje
foar mannen binne we net bang
mar om se yn bêd te langjen

no ja no nee en dus hingje wy
mar wat by de marboei om
en tinke dat de fammen foar
ús sjonge sille en dat dogge
se ek mar it klinkt fan fierren

dat we fersûpe net daliks
èn sjonge se dat it net hoecht
mar it wie oars moai meinomd
dat mei in fikse ereksje farre
we werom de snitser mar oer

yn de gewoanste wurden woe ik
wat sizze wat der net ta docht
ik wankelje mar stean dochs oerein