selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

Syds Wiersma

Tsjûkemar

 

Tsjûkemar


Far de feart mar út,

krús de gleone tiidlinen –

heechspanningskabels,

autodyk oer wetterkym –

peddeldichtsje dwers ûnder.

 

Smeulsk wachtet de mar,

it terra ynkognita

fan dit útbiten

en ynklonken feangreidlân.

 

De mar is myn memmetaal.

 

Iisblau is se hjoed,

mei de goudkraach heech opset

tsjin minske en tiid.

 

Wy survivalers – ielgoes,

wylde ein – stekke har oer.

 

Hast hjir lang net west

lis no earst mar ris goed oan

sil ik dy plúmje

prate wy dan oer it ljocht

of wolst it oer langstme ha?

 

Mar, myn fammeskoat,

dit boatsje is wif, ik kaam

de feart alhiel út

om wat wurden te eazjen

en do komst mei erotyk.